Provinsje stipet nij reidtek

Anita Andriesen
Der is in soad animo foar subsydzje foar in bygelyks nij tek. Eigners fan pleatsen foar 1940 kinne tenei provinsjale stipe oanfreegje foar in reidtek of nije tradisjonele dakpannen of it opknappen fan it houten ûleboerd. De provinsje fergoedet ientredde fan de kosten.
It ferlet docht bliken út de mear as 500 oanfraachformulieren dy't al ynfold binne. By tefolle oanfragen sil de notaris in lotting hâlde.