De Friesland ferleget preemje

05 nov 2007 - 11:08

Soarchfersekerder De Friesland ferleget de preemjes takom jier mei goed fiif euro yn de moanne. Fersekerden binne lykwols djoerder út troch it ôfskaffen fan de no-claim èn de nije regeling fan in eigen risiko fan 150 euro per jier.

Hans Feenstra fan De Friesland makke de nije preemjes foar 2008 moandei bekend. De Fryske fersekerder is lanlik sjoen ien mei de leechste preemjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)