Connexxion lit minsken stean

05 nov 2007 - 10:50

Amelân ropt minsken op om te melden as bussjauffeurs fan Connexxion har by de halte stean litten ha. Dat is de ôfrûne wiken geregeld bard. Eilanners of gasten koene net opstappe by de halte yn Ljouwert of Holwert, om't de bus net ried of fol wie.

De gemeente is oer dit probleem yn oerlis mei provinsje en ferfierder. Om in goed byld fan it probleem te krijen, docht de gemeente no dizze oprop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)