Ferkearsmerk foar Jouster bern

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Bornego College en OSG Sevenwolden op De Jouwer krije dizze wike ynformaasje oer feilichheid yn it ferkear. Alle jierren wurde dêrfoar saneamde ferkearsmerken organisearre troch de gemeente, de plysje en Veilig Verkeer Nederland.
Fytsende skoalbern binne in kwetsbere groep. Se krije dêrom ynformaasje oer hoe't se feilich in dyk oerstekke kinne en ek wurde har fytsen keurd.