Plan foar nije huzen Stynsgea

05 nov 2007 - 09:53

Projektûntwikkelder NPO Vastgoed hat in plan makke foar 100 nije wenten yn Stynsgea. It giet om in útwreiding oan de noardkant fan it doarp.

It plan is dizze moanne oanbean oan wethâlder Van der Wal fan Achtkarpspelen. Om't oant 2010 gjin romte is foar nijbou yn it doarp, bliuwt it plan foarearst yn de kast. Wol nimt de gemeente it plan mei by it opstellen foar de nije struktuerfyzje fan Stynsgea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)