Yousef wint Skylger Berenloop

Saher Yousef ûnbedrige op kop
Saher Yousef fan It Hearrenfean hat de alfde Berenloop op Skylge wûn. It is al de sechde kear dat Yousef de maraton op Skylge wint. Hy kaam solo oer de streek yn in tiid fan 2.38,35.
It wie in swiere maraton neffens Yousef. Benammen op it strân wie it dreech om it tempo fêst te hâlden en hy moast in grut part fan de race allinnich rinne. By de froulju wie Jolanda Jansen út Ljouwert de bêste Friezinne mei in 5e plak yn 3.29,30.