Gordyksters op 'e fûst
In 28-jierrige man fan 'e Gordyk is sneontenacht oanhâlden troch de plysje op It Hearrefean omdat hy dêr in jonge fan 19 jier fan 'e Gordyk mishannele hat. De man sloech de 19-jierrige in pear kear mei syn fúst yn 't gesicht.
Tsjin de plysje ferklearre de man dat hy him steurde oan de klean fan de jonge. Dy rûn in brutsen noas op en hat oanjefte dien.