Projekt Grousters en Sweden

© Omrop Fryslân
Leararen fan OSG Sevenwolden yn Grou binne kommende wike op besite by in skoallemienskip yn Sweden. It is de bedoeling dat OSG Sevenwolden in útwikselingsprojekt begjint mei de skoalle yn Falköping.
It projekt begjint mei it útwikseljen fan ynformaasje fia de mail. Uteinlik sille learlingen fan OSG Sevenwolden nei de skoalle yn Sweden ta om dêr lessen te folgjen. De Sweedske learlingen komme dan nei Grou.