Lêste Potter nachts te keap

04 nov 2007 - 13:22

Boekhannel De Tille yn Ljouwert komt yn de nacht fan 16 op 17 novimber wer yn magyske sfearen. Dan komt it lêste diel fan de Harry Potter boeken yn it Nederlânsk út.

'Harry Potter en de relieken van de Dood' kaam earder dit jier al yn it Ingelsk op de merk, mar fan 17 novimber ôf leit er ek yn it Hollânsk yn de winkel. Foar minsken dy't him dan sa gau mooglik yn 'e hûs helje wolle, giet De Tille nachts iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)