Flyers ferslaan Tilburch

De Flyers bouwe in lyts feestje nei de winst op Tilburch (foto Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe sneontejûn knap mei 4-1 wûn fan Tilburch. Yn de earste perioade makke John Garden de earste goal foar de Flyers. Yn de twadde perioade skoarden Oriel McHugh en Hans Kroon foar de Feansters. Tuskentroch makke ek de regearend lânskampioen in goal.
Alexandr Ivanov makke it feestje fan de Flyers kompleet troch de einstân op 4-1 te bepalen. It wie it earste ferlies fan Tilburch yn de beker.