SC Hearrenfean wint fan PSV

03 nov 2007 - 21:24

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn eigen hûs knap mei 2-1 wûn fan koprinner PSV. Yn de earste helte naam de ploech út Eindhoven in 1-0 foarsprong fia Lazovic. Justjes letter makke Kristian Bak Nielsen alwer lyk, troch in frije traap fan Danijel Pranjic binnen te koppen.

Yn de twadde helte skoarde Miralem Sulejmani 2-1 op in foarset fan Alves. Trochdat Kromkamp it skot fan rjochting feroare wie Gomes kânsleas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)