Fryske boeken Ofslútdyk oer

03 nov 2007 - 17:14

De Fryske literatuer stekt letterlik de Ofslútdyk oer. Romans fan Nyk de Vries, Koos Tiemersma en Willem Schoorstra binne yn it Nederlânsk oerset. De skriuwers rûnen sneon de Ofslútdyk oer.

By it monumint wie in lytse seremoanje. Radiomakker Wim Bloemendaal krige yn it kafee de earste eksimplaren fan 'e boeken. Gerrit Breteler song Townes van Zandt yn it Frysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)