Iepen dei asylsikerssintra

03 nov 2007 - 16:49

Hûnderten belangstellenden hawwe sneon by Fryske asylsikerssintra op besite west. Se koene dêr yn 'e kunde komme mei de bewenners en sjen hoe't de sintra troch de tiid komme. De bewenners wiene bliid mei de besite.

Fryslân hat no noch fiif asylsikerssintra: yn Dokkum, Drachten, Appelskea, Sint Anne en Burgum. Mei-inoar wenje dêr noch 2200 minsken fan wa't 800 rjocht hawwe op in generaal pardon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)