Boartersguodpistoal: oppakt

03 nov 2007 - 14:12

In 17-jierige ynwenner fan Wolvegea is freed oanhâlden yn syn wenplak om't er in buortersguodpistoal yn 'e bûse hie. It pistoal like sa echt dat in tsjûge de plysje waskôge. Dy hat de jongen meinaam nei it buro.

Op it plysjeburo sei de jonge dat er gjin ferkearde bedoelings hie mei it pistoal. De plysje hat it pistoal wol yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)