Mishanneling yn Dokkum

03 nov 2007 - 13:14

De plysje hat freedtenacht yn Dokkum in 27-jierige ynwenner fan de stêd oanhâlden om't er in oare man mishannele hawwe soe. De fertochte soe rûzje krigen hawwe mei dy oar. Beide manlju rekken slaande deilis. It slachtoffer rekke by de slaanderij ferwûne oan 'e holle.

De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo. It slachtoffer is behannele by de dokterswacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)