Plysjekontrôle lânbouferkear

© Omrop Fryslân
Twa op 'e trije lânboumasines yn 'e gemeentes Smellingerlân en Opsterlân foldogge net oan 'e easken. Dat die freed bliken by in plysjekontrôle fan lânbouferkear. Fan 'e hûndert masines krigen 33 bestjoerders in boete, 34 oaren koene fierder ride mei in warskôging yn 'e bûse.
De boetes waarden ûnder oaren jûn foar it net hawwen fan goede ferljochting of spegels, en ride mei in te brede wein.