Fernijde bibleteek op it Fean

© Omrop Fryslân
De bibleteek op It_Hearrenfean hat freed nei trije wiken hurd wurkjen de nije ynrjochting presintearre. Neist de oanklaaiïng is der ek ynhâldlik wat feroare. Sa is der in selsservicebaly kaam, in lêskafee en in ynformaasjepunt foar ûnder mear it Vrijwilligers Service Punt.
Troch in nije wurkwize kin de bibleteek langer iepen bliuwe. Dat is langer as alle oare bibleteken yn Fryslân.