Fryske jingles yn Kataloanië

© Omrop Fryslân
In part fan de jingles en tunes fan Omrop Fryslân is mei yngong fan 20 novimber dit jier te hearren yn Spanje. It stasjon Radio Marina út Blanes hat de jingles oankocht en op 'e nij ynsongen yn it Katalaansk.
De jingles binne in jier lyn spesjaal foar de omrop makke. De jingles binne bysûnder omdat der fluit en doedelsek yn brûkt wurdt. Doe't de radiomakkers út Kataloanië de jingles hearden wiene se fuortendaliks entûsjast.