'Operaasjes Harns moat bliuwe'

02 nov 2007 - 10:31

De gemeenteried fan Frjentsjeradiel stipet Harns yn 'e aksje om de operaasjekeamers fan sikehûs MCL yn Harns iepen te hâlden. It sikehûs wol de ôfdieling slute om te besunigjen.

Harns set him der foar yn om dat foar te kommen. De gemeente krijt no ek stipe fan Frjentsjerteradiel. De FNP yn 'e ried hie dêr in moasje oer yntsjinne. Dy is troch in mearderheid stipe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)