Gjin nije yndustry Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der moat gjin yndustryterrein komme oan de súdwestkant fan Ljouwert. Dat fine de Stichting Behâld Iepen Middelsee Gebiet (BIMBOM) en Miljeu Definsje. De gemeente Ljouwert wol lâns it Swette-kanaal in grut yndustryterrein oanlizze dat oanslút op de takomstige de Heak om Ljouwer, de nije rûnwei om de stêd hinne.
BIMBOM en Miljeu Definsje fine lykwols dat der fierstente folle natuer opgiet oan yndustry.