Kuierpaden ûnterjochte ticht

© Omrop Fryslân
De riedsfraksje fan Gemeentebelangen Achtkarspelen fynt dat ferskate kuierpaden yn de gemeente wer iepensteld wurde moatte. Dy paden binne ôfsletten troch minsken dy't der by wenje. By De Harkema is in sânpaad ôfsletten. Der is in greppel groeven en der is stikeltried spand. Yn Boelensloane is by in kuierpaadsje it buordsje 'verboden toegang' pleatst.
Gemeentebelangen Achtkarspelen wol fan it kolleezje witte oft dit samar kin.