Nije enerzjysintrale Ofslútdyk

01 nov 2007 - 21:08

Rykswettersteat en enerzjybedriuw Eneco bouwe in enerzjysintrale dy't elektrisiteit makket troch sâlt en swiet wetter te mingen. Der komt in proefsintrale op de Ofslútdyk. Dêrfoar wurdt sâlt wetter út de Waadsee en swiet wetter út de Iselmar brûkt.

Tongersdei hawwe de belutsen partijen in kontrakt tekene. Yn de sintrale wurde sâltdieltjes opheind. Dy jouwe elektryske stroomkes ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)