Boek Karstkarel oer tsjerken

Peter Karstkarel
Keunsthistoarikus Peter Karstkarel hat tongersdei yn Ljouwert syn nije boek presintearre. Yn it boek beskriuwt Karstkarel mear as 400 midsieuske tsjerken yn Fryslân, Drinte, Grinslân en East-Fryslân. It boek hat de titel 'Alle Middeleeuwse kerken - Van Harlingen tot Wilhelmshaven' krigen.
Peter Karstkarel hat in jier dwaande west mei it meitsjen fan it boek. It earste eksimplaar gie nei deputearre Anita Andriesen.