Quote: Poiesz rykste Fries

01 nov 2007 - 12:58

De leden fan de famylje Poiesz binne de rykste Friezen. Dat skriuwt Quote. It blêd makket alle jierren in top-500 fan rykste Nederlanners. Neffens Quote hat de famylje Poiesz in fermogen fan 120 miljoen euro.

De Quote komt dit jier ek mei in list fan rykste ynwenners per gemeente. Yn twa Fryske gemeenten is it it blêd net slagge om ien te finen dy't mear as trije miljoen hat. It giet dan om Opsterlân en Wûnseradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)