FNV net gerêst oer ûntslach

© Omrop Fryslân
Fakbûn FNV is der net gerêst op dat de plannen foar de fersoepeling fan it ûntslachrjocht definityf fan de baan binne. Neist de Pvda-fraksje binne no ek de fraksjes fan it CDA en de Christen Unie tsjin it plan fan minister Donner fan Sosjale Saken.
It fakbûn fynt it beslút fan de CDA en Christen Unie in stap yn de goeie rjochting, mar is pas echt bliid as minister Donner it plan falle lit.