Flyers winne dik fan Grins

De oerwinning koste de Feansters net folle muoite. Foto: Martin de Jong
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe woansdeitejûn yn 'e striid om de nasjonale beker mei 7-2 wûn fan de Pecoma Grizzlies út Grins. De perioade stannen wienen 3-1, 2-0 en 2-1. De oerwinning koste de Feansters net sa folle muoite. De Grinzers debutearje dit seizoen op it heechste nivo nei in lange perioade yn in legere klasse.
De Flyers bliuwe troch de oerwinning yn 'e race foar in plak yn 'e heale finale fan de beker.