Frouljusfuotbal populêr

De froulju fan Hearrenfean yn aksje tsjin Ado Den Haach (foto Martin de Jong)
It giet goed mei it frouljusfuotbal yn Fryslân. Dat blykt út de nijste sifers fan it fuotbalbûn KNVB. Yn it distrikt Noard, dêr't ek Fryslân ûnder falt, waarden yn it seizoen 2006/2007 alve prosint mear nije froulike leden ynskreaun. It tal fuotbaljende froulju en famkes yn de noardlike provinsjes komt dêrtroch op 15.000.
De taname yn it noarden is krekt wat heger as lanlik. Dêr groeide it tal leden mei tsien prosint oant 100.000.