Net smoke op Dockingakolleezje

01 nov 2007 - 11:39

De earste en twadde klassers fan it Dockingakolleezje yn Ferwert smoke it kommend healjier net. Dat hawwe se tongersdei mei elkoar ôfpraat by de aksje Tegengif. Oan dy aksje dogge bêrn út tweintich lannen mei.

De klasse dy't oan de ein fan it healjier de grutste delgong yn it tal smokers melde kin wint in priis. De aksje yn Ferwert begûn symboalysk, de learlingen ferskuorden der grutte papieren sigretten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)