Stinne op swart oan Biggemar

It keunstwurk fan Tsead Bruinja en René Knip
Deputearre Jannewietske de Vries fan kultuer hat tongersdei in keunstwurk fan Tsead_Bruinja en René_Knip ûntbleate. It keunstwurk stiet oan de Biggemar by Grou by de trochfeartrûte fan it PM-kanaal.
´Stinne op swart´ is it achtste keunstwurk dat lâns de farrûte de Lemmer - Delfsyl realisearre is . It is it doel dat der nei ferrin fan tiid noch sa´n tolve keunstwurken bykomme. De provinsje binne opdrachtjouwer.