Motor út sloep stellen
De plysje ûndersiket de stellerij fan in motor út in sloep yn Molkwar. De sloep lei by in fakânsjehûs oan de Stationswei. De ynboude motor waard yn de ôfrûne twa wiken stellen.
Troch it ferwiderjen fan de motor rûn der wetter yn de sloep. Dêrtroch is der flinke skea ûntstien oan de elektroanika, de akku en de teakhouten flier.