SP freget omtinken foar Bolt

© Omrop Fryslân
De Socialistiche Partij wol witte wat minister Hirsch_Ballin fan Justysje betsjutte kin foar Klaas_Jan_Bolt. De sjauffeur út Harns sit al mear as 2,5 jier yn in Frânske sel. Hy wurdt fertocht fan de hannel yn drugs.
Bolt is noch hieltyd net foarlaad oan de rjochter. It like der op dat dat yn novimber wêze soe, mar dat is yntusken wer útsteld. De Socialistische Partij hat de minister fragen steld oer de kwestje.