Beswieren tsjin loads Holwert

© Omrop Fryslân
In tal ynwenners fan Holwert driget nei de rjochter te stappen as boubedriuw Van der Wielen yn it doarp útwreidzje mei. It bedriuw wol syn loads oan De Opslach twa kear sa grut meitsje. Dy útwreiding is neffens it bedriuw nedich om bestean bliuwe te kinnen.
De omwenners binne benaud dat troch de gruttere loads it frachtferkear tanimt. Se ferwachtsje dat dat ta skea gean sil fan de ferkearsfeiligens.