Ekstra befeiliging rjochtsaak

01 nov 2007 - 09:20

Foar de strafsaak tsjin de Antillianen dy't in oar op 14 maaie yn Ljouwert ûnder fjoer namen is tongersdei in soad ekstra befeiliging ynskeakele. Yn de rjochtbank is ekstra plysje oanwêzich en by de yngong wurdt noch stranger kontrolearre as oars.

It giet om in risikosaak, omdat it draait om in famyljerúzje. Fanwege de rúzje wurde de trije fertochten ek net tagelyk foar de rjochter brocht. Justysje wol gjin risiko's nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)