Bern moatte it poadium op

31 okt 2007 - 20:49

Bern op de basisskoallen yn Smellingerlân moatte seker ien kear op it poadium fan skouboarch De Lawei stean. Dat is ien fan de spearpunten fan it nije kulturele belied fan de gemeente Smellingerlân foar 2008. Takom jier set der in proef útein mei bern yn de Lawei.

Fierder moat eltse wyk en elts doarp in goeie rippetysjeromte ha. Der komt earst in ûndersyk nei. Yn 2009 wurdt sjoen nei útfiering fan dizze winsk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)