Studintekeamers wol feilich

31 okt 2007 - 17:25

De studintekeamers yn Ljouwert binne oer it generaal wol brânfeilich. Dat seit de gemeente Ljouwert. Ut ûndersyk fan Studinte Vakbond LSVb docht bliken dat it min steld is mei de brânfeiligens fan studintekeamers.

In tredde part fan 'e studinten hat gjin brânblusser yn hûs en in soad studinten ha gjin idee hoe't sa'n apparaat wurket. Yn Ljouwert binne de measte studintekeamers wol feilich, sa seit in wurdfierder fan 'e gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)