Fryslân wol de marren keapje

31 okt 2007 - 16:51

De provinsje Fryslân hat plannen om de Fryske marren te keapjen. De marren binne op dit stuit in besit fan 'e Dienst Domeinen fan it ryk. Fryslân wol de marren sels ha, omdat de provinsje him dêr mei profilearje kin.

Hoe djoer de marren krekt binne is net dúdlik. De provinsje wol dat graach útsocht hawwe, foaral omdat yn guon marren in soad fersmoarge slyk op de boaiem leit. It kostet tsientallen miljoenen om dat fuort te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)