Weening ferlingt kontrakt

31 okt 2007 - 15:24

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hat syn kontrakt by de Rabobankploech mei twa jier ferlingd. Hy giet by de bank al syn tsiende jier yn. Sûnt 2004 sit hy by de profploech.

Rabobank ferlingde ek de kontrakten fan Sébastian_Langeveld, Theo_Eltink en Marc_de_Maar. Bauke_Mollema, in hurdfytser mei Fryske roots, giet foar twa jier nei it profteam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)