Earste kar H'fean nei Ajax

31 okt 2007 - 13:31

De earste seleksje fan sportklub Hearrenfean krijt de foarkar yn it bekertoernoai. Hearrenfean spilet woansdei tsjin Ajax. Jong Hearrenfean spilet tongersdei tsjin Ado Den Haach.

Gertjan Verbeek hat yn oerlis mei de beloftentrainer Henk Herder besletten dat Rob van Dijk mei de beloften meispilet. Agil Etemadi sit op de bank yn Amsterdam. Henrico Drost giet net mei nei Amsterdam. Hy docht mei by Jong Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)