Noch kavels Blitsaerd te keap

© Omrop Fryslân
De ferkeap fan frije kavels fan de nije wenwyk Blitsaerd by Ljouwert rint op him sels goed, mar de gruttere kavels binne noch lang net allegearre ferkocht. De Windgroep, de projektûntwikkelder fan de nije wyk, is likegoed net ûntefreden.
De grutte kavels fan 1400 bunder en mear binne noch net allegearre fuort. Fan dizze kavels is 30 persint ferkocht en op nochris 30 persint is in opsje nommen.