Streekplan Fryslân doocht

31 okt 2007 - 11:06

It streekplan fan de provinsje foldocht gewoan oan de wet. Twa wike lyn sei in ynspekteur fan it ryk noch tsjin de steaten dat it streekplan net passe soe yn de nije wet romtlike oardering.

Ut ûndersyk docht no bliken dat it wol tafalt en dat it streekplan net wizige hoecht te wurden. Yn it streekplan stiet hoe't Fryslân der de kommende tiid út komt te sjen. It plan is ek de basis foar ôfspraken mei gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)