Cambuur útskeakele yn 'e beker

30 okt 2007 - 22:31

Cambuur leit út it bekertoernoai. De Ljouwerters ferlearen tiisdeitejûn pynlik fan Excelsior. Sandor van der Heide makke út in strafskop 1-0. Binnen in minút makke ynfaller Johan Voskamp de lykmakker. Voskamp makke trije minuten foar tiid ek de winnende goal út in penalty. Rick Hooijboer krige yn 'e sechstjin meter de bal tsjin syn hân.

It Cambuur-stadion wie mei sa'n 9500 taskoggers hast útferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)