Les oer jild útjaan

30 okt 2007 - 22:00

Skoallemienskip Sevenwolden fan Grou en Akkrum jout har learlingen les oer hoe't je omgean moatte mei jild. Lanlik ûndersyk jout oan dat in soad jongeren har yn de skulden stekke, omdat se net mei jild omgean kinne. Dêrom fynt de gemeente Boarnsterhim it nedich dat jongeren hjir wat oer leare.

Twaddejiers learlingen krije aanst ien oere yn de wike les yn it ferstannich útjaan fan jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)