Bingel werom yn tsjerke Warkum

30 okt 2007 - 20:56

De Grutte Tsjerke fan Warkum krijt wer in bingel. Op dit stuit is in bedriuw út Noard-Brabân dwaande om de bingel te meitsjen. Begjin augustus foel de ien meter lange jitizeren bingel út de grutte klok. Dat gebeurde, omdat der in skuorre ûnstien wie troch it rustkjen.

De bingel hinget der al sûnt 1617. It kostet de eigner, de gemeente Nijefurd, mear as 3000 euro. Dizze wike moat de bingel wer te plak hingje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)