Swanneblom foar Hornstra
De Sulveren Swanneblom is útrikt oan Henk Hornstra fan Sint Anne. De Swanneblom is in spjelde fan It Fryske Gea foar immen dy't him ynsetten hat foar de natuer.
Hornstra is krapoan 25 jier bestjoerslid fan It Fryske Gea. Hy soarge der ûnder oare foar dat it tal leden ferdubbele nei 25.000. Sûnt 1992 is Hornstra foarsitter fan It Fryske Gea.