Boete foar ferwaarleazgjen hûn

© Omrop Fryslân
De Dierenbescherming hat in slim ferwaarleazge hûn yn beslach naam by in man en frou út Boarnsterhim. De bullterriër weage noch mar 13 kilo, de helte fan wat sa'n hûn gewoanwei is. Hy krige hast gjin iten en drinken. It bist kaam de bykeuken net út en waard net útlitten, sadat er yn slim fersmoarge omstannichheden libbe.
De eigners, in man en frou fan 26 jier, hawwe in bekeuring krigen. De hûn is op in oar plak ûnderbrocht.