Spul Talant en âlden kliïnt

© Omrop Fryslân
In konflikt tusken de Stifting Talant en de âlden fan in kliïnt is sa heech oprûn dat Talant de jonge (12) net mear opfange wol. Reden is dat der gjin betrouwen mear wêze soe tusken de âlden en de fersoargers. De feiligens fan de meiwurkers soe ek yn gefaar wêze, skriuwt Talant yn in brief oan de âlden fan 3000 oare handikapten.
De âlden fan de jonge binne lulk oer hoe't dit nei bûten kaam is. Se ha der oanjefte fan dien by de plysje.