Fryske hynders keurd by Wergea

30 okt 2007 - 10:36

De nije maneezje dy't by Wergea boud wurdt, wurdt ek geskikt foar it testen fan Fryske hynders. Dat hat it Frysk Hynstestamboek sein.

Earder waarden de hynders keurd yn it eardere Frysk Hynstesintrum yn Drachten. Dat moast troch jildtekoart ferkocht wurde. De keuringen waarden doe ferdield oer trije oare plakken yn Nederlân, omdat keure yn Fryslân net út koe. Skylk wurde der dus ek wer Fryske hynders test yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)