Twa jier âlde brân oplost

30 okt 2007 - 09:55

Mei de oanhâlding fan twa Drachtsters fan 33 en 34 jier hat de plysje in brân fan twa jier lyn oplost. Der waard doe brân sticht op in boat, dy't yn it Peinderkanaal by De_Pein lei. De boat is folslein útbaarnd. Om't er by it ôfdriuwen in sylboat rekke, hie dy boat ek in soad skea.

De plysje koe de brânstifters achterhelje neidat in tsjûge him melde. It ûndersyk is doe op 'e nij iepene. De fertochten hawwe bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)