Himpkwekerij yn Hallum
Yn in hûs yn Hallum binne moandeitemiddei mear as hûndert himpplanten ûntdutsen. De hiele kwekerij is ferneatige. De plysje is de kwekerij troch ûndersyk op it spoar kommen.
In 39-jierrige ynwenster fan Hallum is oanhâlden yn ferbân mei de fynst fan de himpplantaazje. Sy is de bewenster fan it hûs.