Waarmtepompen yn Oentsjerk

© Omrop Fryslân
By in wenfoarm foar âlderen yn Oentsjerk wurde waarmtepompen pleatst. Mei dy pompen wurde de enerzjylesten foar de 24 apparteminten foar âlderen alle moannen sa'n 20 prosint leger.
De finansiering wurdt mooglik makke mei bydragen fan de gemeente Tytsjerksteradiel en de provinsje. Inisjatyfnimmer is de Protestantse Stichting Bejaardenwoningen. De pompen kinne winters ferwaarmje en simmers kuolje.